Noppert treft Gurney yn earste ronde World Grand Prix

27 sep 2019 - 15:08

Darter Danny Noppert hat in drege lotting op de World Grand Prix yn Dublin. De 28-jierrige Jouster moat it yn de earste ronde fan it telefyzjetoernoai yn Ierlân opnimme tsjin Darryl Gurney, de nûmer trije fan de wrâld.

Foto: Orange Pictures

De Professional Darts Corporation (PDC) makke earder freed de lotting foar it toernoai bekend. De World Grand Prix is nei it WK yn Londen en de World Matchplay yn Blackpool it grutste telefyzjetoernoai by it bûn.

Debút

Ferline jier makke Noppert syn debút yn Dublin. Hy ferlear doe fuortendaliks yn de earste wedstriid fan Gerwyn Price. De titelferdigener is Michael van Gerwen.

De World Grand Prix yn Dublin is it iennige telefyzjetoernoai dêr't de darters sawol mei in dûbel iepenje as einigje moatte. Gewoanwei hoege de profs allinne te finishen mei in dûbel. It toernoai set op 6 oktober útein.

(advertinsje)
(advertinsje)