Maatregels yn Weststellingwerf fanwege tekoart

27 sep 2019 - 15:05

De gemeente Weststellingwerf nimt maatregels om it finansjeel tekoart op it sosjaal domein te beheinen. De gemeente hat lykas in soad oare Nederlânske gemeenten te krijen mei in finansjeel tekoart.

Foto: Pexels.com

De gemeente seit dat it gebietsteam mear previntyf wurkje sil, wêrby't de fokus komt te lizzen op resultaten en kosten. De wenlêsten sille wat omheech brocht wurde, om't de gemeente op dit stuit noch ien fan de goedkeapste gemeenten yn Fryslân is wat wenlêsten oanbelanget. De wenlêsten sille yn trochsneed mei sa'n 18 euro omheech gean.

Ynvestearrings

Weststellingwerf wol noch wol ynvestearje yn in grut tal projekten. Se wolle hjirfoar de prekariojilden ynsette. It giet dan ûnder oare om de projekten werynrjochting fan de Steenwijkerweg, it ferbetterjen fan sportakkommodaasjes en it sintrum fan Wolvegea.

De gemeenteried behannelet de neijiersnota en de programmabegrutting op 4 novimber.

(advertinsje)
(advertinsje)