Bysûnder duel foar 'Volendammer' Sipke Hulshoff: "Mar wol graach winne"

27 sep 2019 - 14:46

SC Cambuur tsjin FC Volendam is freedtejûn foar in soad fuotbalfans in wedstriid as alle oaren. Dat jildt net foar Sipke Hulshoff. Hy stiet foar in bysûndere jûn. Sûnt ôfrûne simmer wurket Hulshoff as assistint-trainer by FC Volendam. Dêrfoar wurke er totaal fjirtjin jier by SC Cambuur.

"Ik bin mei Cambuur opgroeid en ik wenje al hiel lang yn Ljouwert", fertelt Hulshoff. "Foar my is dizze wedstriid wol hiel spesjaal. Ik kom in protte minsken tsjin mei wa't ik eins in bytsje opgroeid bin. Dat makket it wol hiel spesjaal. Mar as de fluit giet, wol ik hiel graach fan Cambuur winne."

It is in hiel moai doarp, mei hiele nuchtere minsken. Dat bin ik sels ek.

Sipke Hulshoff oer Volendam

It wurdt wol nuver foar Hulshoff. Yn ferskate perioaden wurke hy totaal fjirtjin jier by de Ljouwerters. En no, sûnt in pear moannen, dus net mear. Dochs befalt de oerstap nei Volendam him poerbêst. "Ik bin hiel bliid mei dizze stap. It is in hiel moai doarp, mei hiele nuchtere minsken. Dat bin ik sels ek. Volendam stiet foar oanfallend fuotbal en dat stean ik ek. Dus ik fiel my hjir echt thús. En benammen it wurkjen yn in oare omjouwing is echt in ferriking", seit Hulshoff, dy't noch wol altyd yn Ljouwert wennet. Op wedstriiddagen bliuwt er somtiden yn Volendam sliepen.

Soad ferantwurdlikheden

Wat Hulshoff hiel goed befalt, is dat er in soad ferantwurdlikheden krijt fan haadtrainer Wim Jonk. Sa ek ôfrûne woansdei, doe't de Ljouwerter in hiel soad de lieding hie op de training. "Myn frijheid as assistint is seker wol grutter as de lêste jierren by Cambuur." Dat wie ek de reden dat Hulshoff wol oan de slach woe by 'Het Andere Oranje', sa as FC Volendam neamd wurdt.

FC Volendam is goed úteinset mei de kompetysje. De ploech stiet op it sânde plak yn de earste difyzje mei alve punten út sân wedstriden. Dat binne der fjouwer punten minder as tsjinstanner Cambuur. De klup út it fiskersdoarp wûn ûnder oare mei 2-1 fan kampioenskandidaat NAC Breda. Ferline wike wûn Volendam de Noard-Hollânske derby tsjin Telstar mei 2-1.

Foto: Omrop Fryslân

Oerienkomsten mei Wim Jonk

Haadtrainer Wim Jonk wie sels in grut fuotballer, dy't hast fyftich ynterlâns spile foar it Nederlânsk alvetal. Ek spile hy foar ûnder oaren Internazionale, Ajax en PSV. Hoe komt in grutte âld-fuotballer as Jonk út by Sipke Hulshoff as assistint? Beide manlju sieten yn it seizoen 2014/2015 byinoar op de trainerskursus. Se wurken in soad mei-inoar gear, fertelt Jonk. "We hadden raakvlakken met elkaar en een denkwijze die overeenkomt. Sip heeft eigenschappen waar ik wat minder in ben. Je zoekt iets wat je staf compleet maakt, dus vandaar Sip", seit de trainer fan FC Volendam.

De oanfollings dy't Hulshoff biede kin op de wurkwize fan Jonk, lizze benammen yn it liedingjaan oan de folsleine groep. Jonk: "Ik ben heel analytisch en observerend en daar wil ik ook ruimte voor hebben. In de organisatie van trainingen is Sip heel geslepen en daar heeft hij veel ervaring in. Het is een hele energieke man die het op een goede manier overbrengt op spelers. En daar gaat het natuurlijk om, dat je geen onzin verkondigt. Sip verkondigt geen onzin."

Kânsen tsjin Cambuur

Sawol Jonk as Hulshoff sjocht dat FC Volendam kânsen hat tsjin SC Cambuur. Mar, respekt foar de prestaasjes fan Henk de Jong en syn stêf binne der wol. "Cambuur sit yn de flow nei boppe ta, se hawwe de lêste fjouwer wedstriden wûn", sjocht Hulshoff. "It is in team, dat sjochst yn alles. It is ek in team dat noait opjout. Dat is ek it grutste komplimint oan de technyske stêf. Ik fyn it moai dat Cambuur goed prestearret."

Mar wêr kinne de Noard-Hollanners de Ljouwerters pakke? Dêr wol Hulshoff net te folle oer sizze: "Ik kin ek net alles ferklappe, mar yn it algemien beskôge lizze der kânsen tsjin Cambuur. As we ballen feroverje kinne, lizze der foar ús wol kânsen."

Jonk hopet dat de fans yn it Kras Stadion freedtejûn beleanne wurde. "Henk de Jong is een trainer die altijd heel positief probeert te voetballen en vanuit eigen kracht probeert te spelen. Het wordt een mooie wedstrijd met twee ploegen die durven te voetballen, waarin het publiek de winnaar moet worden. Met voor ons hopelijk de drie punten", beslút de âld-ynternasjonal.

(advertinsje)
(advertinsje)