Juridyske striid sânwinning De Fryske Marren yn 2020 fierder

De Ried fan Steat behannelet net earder as begjin 2020 it beslút fan De Fryske Marren om gjin yndustriële sânwinning ta te stean yn de Iselmar by Gaasterlân. Dy ferwachting sprekke boargemaster en wethâlders út yn in brief oan de gemeenteried.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De inisjatyfnimmer fan it plan, Royal Smals, hat beswier oantekene tsjin it beslút fan de gemeenteried om de sânwinning tsjin te hâlden. Omdat it dêrnei sa lang stil bleaun is mei dy juridyske striid, hat de gemeenteried frege wat de stân fan saken no is.
De FNP woe ek witte wêrom't it kolleezje fan boargemaster en wethâlders noch gjin ferwarskrift yntsjinne hat. Dat komt mei omdat it even duorre foardat bekend wie op grûn wêrfan't Smals krekt beswier makke hat.

40 belanghawwenden

Yntusken hawwe mear as 40 organisaasjes en persoanen harren ek as belanghawwende meld by de Ried fan Steat, sadat sy ek harren lûd hearre litte kinne.
De gemeenteried fan De Fryske Marren stimde yn febrewaris 2019 tsjin de sânwinningplannen fan Royal Smals. Dat bedriuw woe tritich jier lang twa miljoen kúb sân winne foar de oanlis fan bygelyks diken. Dat sân soe sa'n fiif kilometer út de kust by Aldemardum wûn wurde.
It kolleezje yn de gemeente foel nei oanlieding fan de kwestje. Koälysjepartij FNP stimde tsjin, wylst CDA en VVD foar stimden. Dat betsjutte in brek yn fertrouwen.