Fakbûnen roppe op ta nije lanlike staking yn it ûnderwiis

27 sep 2019 - 14:14

Fakbûnen yn it primêr en fuortset ûnderwiis roppe op ta in nije lanlike staking op woansdei 6 novimber. De staking is neffens de bûnen nedich, omdat eardere aksjes net genôch opsmiten hawwe. Foar de fakânsje fregen de bûnen en de wurkjouwers yn it ûnderwiis it kabinet om 423,5 miljoen euro foar in needpakket. Dat jild is der noch net kaam.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It needpakket fan de fakbûnen en wurkjouwers is bedoeld foar in 'fatsoenlik' salaris, minder wurkdruk en genôch kollega's. Troch in tekoart oan leararen en skoallieders wurde der geregeld learlingen nei hûs stjoerd, omdat der net ien beskikber is om har les te jaan. Dat barde ferline wike ek op CBS Mooitaki yn Bitgummole.

"Het kennisniveau van leerlingen staat onder druk en daar maken onze leden zich grote zorgen over. Dit raakt onze hele samenleving, daarom moet het kabinet nú structureel investeren in het primair en voortgezet onderwijs. Terwijl investeren in een kenniseconomie het nieuwe credo is, kan het niet zo zijn dat het investeren in de basis uitblijft", seit foarsitter Jan de Vries fan CNV Onderwijs.

Jilles Veenstra, foarsitter fan de Federatie van Onderwijsvakorganisaties seit: "Het is onverteerbaar dat in deze tijd van grote overschotten niet een klein deel daarvan wordt geïnvesteerd in het primair en voortgezet onderwijs. Met een aanvaardbare werkdruk en meer collega's 100% gaan voor het onderwijs, dat willen de leraren en ondersteuners!"

(advertinsje)
(advertinsje)