Partijen yn Steaten en gemeenteried H'fean: 'Hoe komt it mei treinstasjon Thialf?'

27 sep 2019 - 13:54

De steatefraksjes fan de Partij van de Arbeid en ChristenUnie wolle fan deputearre Avine Fokkens witte hoe't it stiet mei it iepenstellen fan it treinstasjon by it Thialfstadion. Ek de PvdA yn de gemeente Hearrenfean wol witte wat de status is.

It stasjon fan It Hearrenfean Thialf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De NS hat oankundige dat dat net mear brûkt wurdt foar treinreizgers dy't nei de wedstriden yn Thialf wolle. De gemeente Hearrenfean is dêr net wiis mei en is yn petear gien mei de NS. Ek de provinsje soe prate mei NS en Arriva.

De politike partijen wolle no witte wat de stân fan saken is, omdat de wedstriden op It Hearrenfean yn it earste wykein fan novimber wer losgean.

It stasjon oan de râne fan It Hearrenfean bestiet sûnt 1975 en waard tusken 1977 en 2015 allinnich brûkt foar eveneminten yn Thialf. Dêrnei is it tichtgien. Yn Provinsjale Steaten en de gemeenteried fan Hearrenfean ha de ôfrûne jierren ferskate kearen oproppen west om it stasjon te weriepenjen.

(advertinsje)
(advertinsje)