Freedsmerk oer swart jild: "Gjin probleem, it smart de ekonomy"

Minimaal fjouwer miljard euro giet der yn de Nederlânske ekonomy om, sûnder dat de belesting derfan wit. Alteast dat is in foarsichtige skatting. De skjinmakker, de kapper, de strjitlizzer, de ôfwaskhelp: allegear wurde se geregeld ynhierd om 'swart' putsjes te dwaan. Ferline jier allinnich al soe it gean om sa'n 400.000 minsken dy't sa de belesting ûntdûkt ha. De NOS berekkene dat op basis fan sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.
© Omrop Fryslân, René Koster
Is dit no in probleem dat hurd oanpakt wurde moat, of moatte we ús der net al te drok om meitsje? Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de reaksjes oer it generaal myld: "It binne faak de minsken mei lege ynkommens dy't der sa wat byfertsjinje. En dat jild giet ek fuortendaliks de ekonomy wer yn." Immen omskreau it sels as: "Smaroalje foar de ekonomy. Minsken ha wat ekstra jild dêr't de belesting net fuort de helte fan ôfpakt!"
In oar stelde dat de oerheid it der sels nei makke hat, dat der in soad swart dien wurdt: "Je houwe niet een stuver over man, hou toch op! Weetst wel wat de kapper kost? At je dat niet betale kinne, dan gane je naar een kenniske toe, logisch!"
In inkeling hie prinsipiële beswieren en soe nea immen swart betelje: "Als het je lukt iemand zwart een klusje te laten doen, is dat echt niet iets om trots op te zijn!"
Ferslachjouwer René Koster hifket hoe't de Ljouwerter freedsmerk tinkt oer swart jild