FUMO: Oarsaak fan bromtoanen hast net te finen

27 sep 2019 - 12:32

Klachten troch bromtoanen, ek wol leechfrekwint lûd, nimme hieltyd mear ta. De boarne fan it lûd fine, slagget lykwols mar selden. Dat seit Gerard Hooiring, lûd- en ljochtadviseur fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO).

Foto: Omrop Fryslân

Op it stuit krijt de FUMO sa'n tsien oant tolve klachten oer bromtoanen yn 't jier. Folle mear as fiif jier lyn, seit Hooiring. "Wy wurde mei sa'n klacht ynskeakele troch de gemeente en kinne mei mjittingen sjen oft it ek echt in leechfrekwint lûd is."

Earst litte se de minsken in fragelist ynfolje en dêrnei geane se nei de lokaasje mei mjitaparatuer. "Dat bart op twa wizen. Wy ha in hânmjitter en in mjitter dy't in pear wiken yn hûs stiet. Mei de earste kinne wy gelyk sjen oft der in bromtoan is, mei de oare kinne wy bygelyks bepale op hokker mominten it te hearren is", leit Hooiring út.

Roppe yn in woestyn

As Hooiring oan de melder fertelle kin, dat dy yndied in bromtoan heart, dan sjocht hy faak in foarm fan opluchting. "Somtiden ha se der al jierren lêst fan sûnder dat in oar it ek hearre kin. As oft se oan it roppen binne yn in woestyn. Se kinne troch it lûd grutte gefolgen ha. As de klacht dan einliks werkend en erkend wurdt, binne se faak hiel bliid."

Gerard Hooiring, lûd- en ljochtadviseur fan de FUMO

Lûdsweagen fan in bromtoan geane dwers troch huzen, gevels en bygelyks isolaasje.

Gerard Hooiring fan de FUMO

Spitigernôch moat Hooiring de minsken dan gelyk wer teloarstelle, om't it foar harren selden mooglik is om de oarsaak fan it lûd te finen. "Ik tink dat wy mar by 80 of 90 persint fan de gefallen de boarne fine. Dit komt omt de lûdsweagen fan in bromtoan dwers troch hûzen, gevels en bygelyks ysolaasje giet. Dat betsjut dat de boarne wol kilometers fierderop wêze kin."

Nije techniken

Ek de rjochting fan wêr't it lûd weikomt is op dit stuit hast net te bepalen, fertelt Hooiring. "Dêr binne no wol nije techniken foar yn ûntwikkeling. Om mei ferskate mikrofoans in rjochting te bepalen. Mar dat wurdt noch net yn Fryslân dien." Ek mei dizze nije technyk is de ôfstân fan de boarne net te bepalen. Hooiring: "Mar sa kinne we wol hieltyd mear en better sykje. It is better as neat."

Hasto lêst fan lege bromtoanen?

Dan bist net de iennige. Ut ûndersyk fan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) blykt nammentlik dat sa'n tsien persint fan de Nederlanners wolris in leechfrekwint lûd heart.

Omrop Fryslân wol, yn gearwurking mei de oare regionale omroppen en de NOS, graach witte wêr't yn ús provinsje minsken lêst hawwe fan dit leechfrekwinte lûd. Op hokker lokaasje hearsto de bromtoanen, en wat binne dyn klachten? Bisto ien dy't lêst hat fan dit lege lûd? Folje dan de enkête yn en help ús om it probleem yn kaart te bringen.

(advertinsje)
(advertinsje)