Leechstân winkelpannen bliuwt soarch: in tredde stiet struktureel leech

27 sep 2019 - 11:47

De strukturele leechstân fan winkelpannen bliuwt in soarch, fine de bestjoeren fan de trije noardlike provinsjes. Ferlike mei fiif jier lyn is de leechstân wol ôfnommen yn Noard-Nederlân, mar yn totaal steane noch hieltyd goed 1.600 pannen leech.

Foto: ANP

Fryslân, Grinslân en Drinte ha ûndersyk dwaan litten nei de leechstân yn de provinsjes. Mei troch winkelpannen út de merk te heljen, is de leechstân diels fuortwurke. Dochs meitsje de provinsjes harren noch soargen. "By langduorjende leechstân ûntstiet ferkrotting", seit deputearre Sander de Rouwe.

"It ûndersyk lit sjen dat we yn de noardlike provinsjes in protte winkelpannen ha dy't al langer as trije jier leech steane. As in pân sa lang net brûkt is, is it dreech om it foar wat oars yn te setten. Mei gemeenten en winkeleigeners wurkje we deroan om de winkelkearnen oantrekliker te meitsjen, mar dat is noch net genôch."

Problemen it grutst yn krimpgebieten

De problemen fan de leechstân spylje it measte yn krimpgebieten. Dêr binne der minder mooglikheden, neffens de provinsjes. It feroarjen fan de winkelpannen yn wenningen is faak net mooglik, omdat der gjin ferlet is fan wenromte. Yn totaal stiet in tredde fan de goed 1.600 leechsteande pannen struktureel leech.

(advertinsje)
(advertinsje)