Wethâlder Ter Keurs kin himsels net ferjaan foar krityk op amtners Smellingerlân

27 sep 2019 - 11:28

Wethâlder Eric ter Keurs fan Smellingerlân kin it himsels net ferjaan dat er fûle krityk utere hat op it amtlik apparaat fan de gemeente en stapt dêrom op. Ter Keurs bea tongersdeitejûn op in ekstra ynlaske riedsgearkomste syn ekskuzen oan foar syn útspraken en tsjinne ek fuortendaliks syn ûntslach yn.

Neffens Ter Keurs moat mei syn beslút de rêst weromkomme yn de gemeente. "Een organisatie die rust nodig heeft en in opbouw is, daar moet je niet nodeloos in gaan roeren. Eigenlijk is dat het", seit er yn in telefoanyske reaksje op it dellizzen fan syn funksje.

Wethâlder Eric ter Keurs oer syn opstappen

Foto: Gemeente Smellingerlân

Guon partijen yn de ried hiene de wethâlder syn útspraken wol ferjaan wollen en woenen wol fierder mei him. "Dit fûnen wy seker net nedich", seit Corrie Ponne fan it CDA oer it opstappen. "De diskusje yn de lêste riedsfergadering wie sa fûl en ek yngewikkeld, dat we der bêst begryp foar ha kinne dat je in kear sa'n slip of the tongue meitsje."

Mar neffens Ter Keurs soe er net ynteger wêze, as er net opstappe soe. "Dat is mijn afweging, dit is hoe ik aankijk tegen verantwoordelijkheid en integriteit."

Fraksjefoarsitter Meine Hofman fan Smallingerlands Belang is it iens mei it beslút fan Ter Keurs. "Wy fine dizze wethâlder net mear by steat om goed te funksjonearjen as wethâlder yn Smellingerlân."

Reaksjes fan boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân, Corrie Ponne fan it CDA en Meine Hofman fan Smallingerlands Belang

(advertinsje)
(advertinsje)