Keunstferkeap yn Noard-Nederlân bliuwt efter op oare parten fan Nederlân

27 sep 2019 - 11:14

De keunstferkeap yn Noard-Nederlân bliuwt noch efter op oare parten fan ús lân. Dêrom wurdt de keunstbeurs Art Noord in jierliks evenemint.

Museum Belvédère op It Hearrenfean hat fan tongersdei oant en mei snein alle stikken oan de kant skood om plak te meitsjen foar de leechdrompelige byldzjende keunstbeurs Art Noord. Achttjin galeryen, benammen út it Noarden, toane en ferkeapje wurk.

Keunsthannelers en -galeryen hawwe it de ôfrûne jierren dreech hân. De keunstferkeap moat yn it Noarden folle better, fynt Han Steenbruggen fan Museum Belvédère. En der moat wurdearring komme. "Zeker in verhouding tot wat er gebeurt in andere delen van het land met grote beurzen en hoge prijzen."

Der binne neffens de dielnimmers mear eveneminten nedich om ferkeapers en publyk byinoar te bringen.

Fanwege it sukses fan de foarige twa kear moat Art Noord in jierlikse beurs wurde om sa de keunstwrâld te stimulearjen. De organisaasje en dielnimmende galeryhâlders ferwachtsje wer in pear tûzen besikers, al binne dat fansels net allegear keapers.

Neist nammen as Sjoerd de Vries en Kamagurka hingje der ek acht jonge talinten op de beurs. Sjuery en publyk sil harren wurk beoardielje. Snein is der noch in stoomkursus keunstkeapjen, alles om de hannel en it keunstklimaat yn it Noarden oan te jeien.

(advertinsje)
(advertinsje)