Heger berop 'blokkearfriezen' set útein

24 sep 2019 - 07:14

Fyftjin fan de 34 saneamde 'blokkearfriezen' steane fan tiisdei ôf yn heger berop terjochte foar de blokkade fan de A7 by Aldehaske yn novimber 2017. De Friezen krigen ferline jier fan de rjochtbank yn Ljouwert taakstraffen oplein tusken de 80 en 240 oeren.

Foto: Omrop Fryslân

De maksimale taakstraf waard jûn oan Jenny Douwes, dy't troch de rjochtbank sjoen wurdt as it boechbyld fan de groep. Fyftjin fan de blokkearfriezen giene nei de útspraak fan de rjochter net yn heger berop.

Douwes waard feroardiele om't se in oprop op Facebook set hie, om anty-Swarte Pyt demonstranten tsjin te hâlden. Dy soene nei Dokkum wolle om te protestearjen tsjin de oanwêzigens fan Swarte Pyt by de lanlike yntocht fan Sinteklaas. De minsken dy't terjochte steane joegen by de rjochtsaak hast allegearre oan dat se by fersin yn de blokkade telâne kaam wiene, mar dat leaude de rjochtbank net.

De njoggentjin moatte har no foar it hôf yn Ljouwert ferantwurdzje foar it tsjinhâlden fan in legale demonstraasje, en it blokkearjen fan in sneldyk. Dêrfoar hat it gerjochtshôf trije dagen útlutsen. Tongersdei wurde de strafeasken útsprutsen, en hâldt de ferdigening it pleit.

Omrop Fryslân is by de sitting oanwêzich en sil alle dagen ferslach dwaan fan it heger berop.

(advertinsje)
(advertinsje)