Follybalsters ferlieze fan koprinner Sina op wrâldbeker

27 sep 2019 - 09:58

De Nederlânske follybalfroulju, mei Marrit Jasper fan Snits yn de seleksje, ha freed op de wrâldbeker yn Japan mei 3-1 fan Sina ferlern. De setstannen wiene 25-19, 25-16, 21-25 en 25-19. Jasper die yn de lêste trije sets mei as ynfaller.

Marrit Jasper (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

It is de fjirde nederlaach foar Oranje yn njoggen wedstriden. Sina is koprinner yn de kompetysje fan tolve lannen. De regearjend olympysk kampioen hat nei njoggen wedstriden noch net ferlern en wie no ek dúdlik te sterk foar Nederlân. De oranjefroulju wisten Sina wol in set ôf te snoepjen. Dat is pas it tredde setferlies fan Sina.

Saterdeitemoarn (Nederlânske tiid) komt Nederlân wer yn aksje. Dan is de Dominikaanske Republyk de tsjinstanner.

Trefwurden: 
Marrit Jasper follybal
(advertinsje)
(advertinsje)