Kollum: "Om"

26 sep 2019 - 08:20

"We moatte om", seit Greta Thunberg. Ast in serieuze nijssite hast, wêr ek op 'e wrâld, dan hast fan 'e wike in artikel publisearre mei de titel 'Dit is wêrom't Greta Thunberg safolle haat opropt'. Oanwizend foarnamwurd-sjoernalistyk, mar yn Nederlân naam in oantal media dy taak op har: AD, RTL Nijs, De Limburger en yn sekere sin ek WNL, NPO Radio 1 en Linda punt. De sechstjinjierrige Greta wiist de wrâld dizze wike op in VN-konferinsje oer klimaat, wêr't de brân is en wa't dy útmeitsje kinne en wy meitsje ús soargen oer dat se net sa folle laket.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Troch in wûnderlike gearstalling fan myn nijskonsumpsje, hie ik har sels noch net beweegjend sjoen. Ik lies oer har yn 'e krante en op websites, en hearde har op 'e radio. Mar ik ha pas niiskrekt foar it earst it filmke sjoen fan har optreden by de VN. En ja, ast gjin sin hast om ynhâldlik nei har te lústerjen dat we om moatte, of ast tinkst, ja dat ferhaal ken ik al, dan is it maklik om op 'e man te spyljen en net op 'e bal. Oftewol, har te haten.

Sûnt dizze wike stiet op Netflix de dokumintêre Inside Bill's Brain: Decoding Bill Gates. In nochal omineuze titel foar in wat al te wiidweidige dokumintêre oer ien fan 'e oprjochters fan Microsoft, tagelyk ien fan 'e rykste minsken op 'e wrâld, en sûnt begjin dizze iuw ek ien fan de grutste goeddoggers. De dokumintêre duorret trije kear in oere en de foarm is yrritant. It is krekt te hurd montearre, en it wichtichste ynterview mei Bill Gates sels is filme op 'e rêch. Earmoede. Mar ynhâldlik is it in oanrieder.

Gates en syn frou jouwe mei harren foundation in soad jild út oan wichtige saken. Yn ôflevering ien komt syn besykjen om diarree de wrâld út te helpen oan bod: hy lit in betelbere wc anneks selsstannige rioelsuvering ûntwikkelje, sadat de poep en pis yn earme lannen net mear yn drinkwetter telâne komme. Yn ôflevering twa giet it oer polio. En ta myn komplete ferrassing giet it yn ôflevering trije oer kearnenerzjy.

Bill Gates fûn ik stom. Ik knipte ea in kwoot út in krante: 'Klagen over Microsoft is als klagen over het weer: het lucht even op maar het helpt niks.' Microsoft hie in ûnfoarstelber monopoalje mei Windows. Doe't elkenien op ynternet gie en je by Windows Microsofts eigen webbrowser Explorer troch de strôt treaun krige, pikten we it net langer. Gates waard op 'e fingers tikke, en sûnt dy tiid is Microsoft yn myn eagen in stik sympatiker wurden. Ek om't ik harren software al fyftjin jier net mear brûk.

Gates begûn syn bizarre kapitaal út te jaan oan goede doelen. Wer pluspunten. Yn de earste ôfleveringen seach ik de details: polio, wc's foar earme lannen mar dan... kearnenerzjy?

Wat de dokumintêre goed sjen lit, is dat Gates gjin domme man is. Dat wisten we al. Mar hy lit alle dagen in grutte boadskippetas mei boeken efter him oan tôgje, of hy nimt 'm sels mei, of dat is allinnich as der kamera's by binne. Hoe dan ek, hy lêst alles wat los en fêst sit. Ik tink net dat je him in protte nijs fertelle kinne at je it ha oer de enerzjybehoefte fan 'e wrâld.

Greta Thunberg seit dat we as wrâld oer sa'n acht jier de maksimale hoemannichte CO2 yn de atmosfear brocht ha. En dat we al tritich jier witte dat dit misgiet. Gates besjocht dat en syn antwurd is: we ha in manier om enerzjy op te wekken dêr't gjin gram CO2 by frijkomt. Allinnich hat dy manier in min imago, troch de bommen op Japan, troch Tsjernobyl, troch Fukushima, en troch de radio-aktive troep dy't it opleveret. Dus betellet hy foar it betinken fan in manier wêrtroch't kearnreaktors net mear ûntploffe kinne en dy't dat ôffal fan âlde reaktors as brânstof brûke.

Ik wit net of ik foarstanner bin fan kearnenerzjy. Mar ik bin ek gjin foarstanner fan dat de A6 dwers troch de Tsjûkemar leit. Mar hy leit dêr. En as we 'm ôfbrekke, ha we yn nij en grutter probleem. Om mar te sizzen: ik tink net dat ik ea wer in Windows-kompjûter wol, mar dy notysje-app fan Microsoft is gewoan tige goed, dus dan gean ik dochs mar om."

(advertinsje)
(advertinsje)