Kollum: "Nije aventoeren"

27 sep 2019 - 08:27

"Doe't ik 40 jier wie, kaam myn earste boek út, wiene de bern in stik jonger, hiene we mear bisten en mear drokte mar ik siet fol enerzjy en draaide myn hân nearne foar om. Geandewei de jierren fielde ik dingen feroarjen en hie ik it gefoel as rûn de trein út it spoar. En doe't ik in jier as 45/46 wie, wist ik it seker; de oergong stie foar de doar. Ding dong! Besite! Mar dêr hie ik gjin ferlet fan! De doar gong mei in klap ticht, skoattels derop en de gerdinen stiif ticht.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

DING DONG!! Flommedomme! De doar dochs mar op in kier want ûntkomst der net oan. Stadichoan wenne oan alles datst wol fielst mar net begrypst en troch! Hast ek net in soad kar, want alles giet troch mar betiden wie dat wolris dreech. It skriuwproses fan myn lêste boek ferrûn ek oars, want ik ha in hiele perioade hân dat ik werklik neat betinke koe.

Dat wie nij foar my, want earder siet ik noait om wurden ferlegen. 'Myn holle is as in see sûnder weagen', sei ik tsjin myn útjouster en ik dobbere mar wat om. Yntusken wie ik al wat wizer wurden en hie ik in soad lêzen oer de nije libbensfaze dêr'tst as frou op in bepaald momint yn telâne komst en ik koe it yntusken ek better in plak jaan.

Geandewei de tiid kamen der lokkich wol wer in pear weagen mei wurden, sadat ik it boek ôfmeitsje koe, mar ik wist ek dat ik net fuortendaliks dêrnei wer ien skriuwe soe. Ik tink dat ik it wol kin, as it moat mar ik wol it net. Ik driuw nammentlik wer om op de kalme see en eins is dat bêst wol noflik.

Ik fyn noch hieltyd dat ik fan alles moat, mar kin tagelyk ek rêstich in hiele dei by de keukentafel sitte. Ik bin der wol, mar eins ek net. Der is bêst in protte wat my ûntgiet, myn ûnthâld is in drama en ik wit bytiden amper hoe 't de bern hjitte. 'Hoe hjitsto ek alwer?', sei ik lêst tsjin ien fan ús jonges en se suchtsje gauris as ik WER itselde freegje.

Der is in hiel proses yn my geande en ik besykje mei sûn iten, supplementen, de nijsbrief fan Dr. Vogel en wit ik wat mear om alles sa goed mooglik yn goede banen te lieden. Dat slagget de iene kear better as de oare, mar bytiden bist gewoan oerlevere en giet it liif syn eigen wei.

Sa as bygelyks twa kear ûngesteld wurde yn ien moanne. Dat mept wol oan en úteinlik hast dan mar krapoan twa goede wiken yn dyselde moanne. Dan hast neist it algemiene klimaatprobleem sels ek de nedige klimaatproblemen en de soarch-hormoanen litte it gauris ôfwitte, sadat elkenien de rambam krije kin. Ynklusyf de puberhûn dy't de loungebank opfretten hat, omdat er gjin gehakballen mear krijt.

Fierder giet it sa bêst as wat. Ik fiel my op 't heden wol rêstich en ha net it gefoel dat ik dingen hielendal oars dwaan wol. Guon froulju hawwe dat al en dy skoppe dan ynienen de man derút of sa. Mar sûnt ik út de trein stapt bin, dobberje ik om op in boat en myn man is boatsjebouwer én skûtsjeskipper dus dêr wol ik net sûnder.

As der in koeltsje komt, dan hise we de seilen en as it begjint te stoarmjen, dan lûke we der wol in reef yn. We sile gewoan in kant út en geane dêr't de wyn ús bringt. Op wei nei nije aventoeren."

(advertinsje)
(advertinsje)