Plysje kontrolearret ferkear út bus wei: 87 boeten

27 sep 2019 - 07:40

De plysje hat tongersdei 87 boeten útdield by in ferkearskontrôle op de sneldiken yn it Noarden. De kontrôle út in touringcar wei waard hâlden yn it ramt fan Edward: European Day Without a Road Death. Fierwei de measte boeten waarden útskreaun foar it brûken fan de mobile telefoan ûnder it riden.

Ferkearskontrôle út in bus wei - Foto: Omrop Fryslân

Der wiene ek boeten foar ûnder oare bumperkleven, te tsjustere ruten, te hurd riden en rjochts ynheljen.

Op de A32 by Aldeholtwâlde waard in 32-jierrige automobilist út Amersfoort fan de dyk helle. De man ried wylst syn rydbewiis ynnaam wie. Ek wie er ûnder ynfloed fan drugs.

(advertinsje)
(advertinsje)