Lêst fan lege bromtoanen? Lit it ús witte!

27 sep 2019 - 06:45

Hasto lêst fan lege bromtoanen? Dan bist net de iennige. Ut ûndersyk fan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) blykt nammentlik dat sa'n tsien persint fan de Nederlanners wolris in leechfrekwint lûd heart.

Foto: Omrop

Omrop Fryslân wol, yn gearwurking mei de oare regionale omroppen en de NOS, graach witte wêr't yn ús provinsje minsken lêst hawwe fan dit leechfrekwinte lûd. Op hokker lokaasje hearsto de bromtoanen, en wat binne dyn klachten? Bisto ien dy't lêst hat fan dit lege lûd? Folje dan de enkête yn en help ús om it probleem yn kaart te bringen.

Bromtoan

In bromtoan is tige aaklik foar minsken, om't it lûd se wekker hâldt en de oarsaak fan it lûd faak dreech te finen is. Minsken omskriuwe it as in konstant, dreunend lûd. It is krekt as draait der in frachtwein stasjonêr, of stiet der earne in aggregaat oan.

Konsintraasje- en sliepproblemen, pine yn de holle en sels hertkloppingen. Dat kin allegearre it gefolch wêze fan leechfrekwint lûd, ek wol in bromtoan neamd. Minsken tinke dat de bromtoan wolris ôfkomstich wêze kin fan waarmtepompen. Dat soe betsjutte dat it tal klachten allinne mar tanimme sil.

Veel mensen durven er niet mee naar buiten te komen. Ze zijn bang voor gek te worden versleten, weten ons niet te vinden of denken dat melding maken toch niet helpt.

Dirk van der Plas - Stichting Laag Frequent Geluid

Hoefolle minsken yn Fryslân lêst ha fan bromtoanen is op dit stuit noch net dúdlik. De webside Stichting Laag Frequent Geluid krijt wol regelmjittich meldingen út it hiele lân as it giet om leech frekwint lûd. Fan 2017 oant no binne dat der 49 út Fryslân.

"Deze aantallen zijn beperkt, maar dat zegt weinig over het daadwerkelijk aantal LFg-gehinderden in de provincie", fertelt Dirk van der Plas fan de stichting. "Veel mensen durven er niet mee naar buiten te komen. Ze zijn bang voor gek te worden versleten, weten ons niet te vinden of denken dat melding maken toch niet helpt."

Wat is leechfrekwint lûd?

Leechfrekwint lûd is lûd datst hast net hearst, omdat it in frekwinsje hat ûnder de 100 Hertz. De gewoane lûden lizze tusken 125 en 8.000 Hertz. Leechfrekwint lûd kin komme troch bygelyks de wyn, mar troch pompen, motoaren of aggregaten. It finen fan de boarne fan in bromtoan is hiel dreech, omdat dizze frekwinsje fan lûd net hindere wurdt troch bygelyks in muorre fan in hûs of isolaasje. Dêrom kin de boarne samar tsien kilometer fierder op wêze as de persoan dy't der lêst fan hat

Tim Nonner wurket by GGD Fryslân as medysk miljeukundige en jout advys oan minsken dy't in leechfrekwint lûd hearre. "Wij krijgen geregeld meldingen binnen", fertelt er. Minsken fertelle him dat se bygelyks net mear sliepe kinne yn harren hûs en in camper op de oprit set ha wêr't se yn sliepe. "Het geluid kan je leven beheersen op veel verschillende manieren. Ik hoor bijvoorbeeld ook dat mensen niet meer goed op het werk functioneren omdat ze thuis dit horen."

Dreech om de boarne te finen

Neffens Nonner besiket hy der nei in melding earst efter te kommen oft it echt leechfrekwint lûd is wat se hearre. It soe bygelyks ek tinnitus wêze kinne. "Als dat onderscheid is gemaakt, dan kunnen de melders twee dingen doen. Bij de gemeente een meting aanvragen om de bron te vinden. Dit blijkt alleen lastig te zijn en heeft ongeveer een slagingskans van dertig procent."

It twadde wat minsken dwaan kinne is neffens Nonner nei de húsdokter gean foar in terapy oer hoe't je mei dit lûd omgean kinne. Benammen ek omdat der ferwachte wurdt dat der hieltyd mear fan dizze bromtoanen te hearren binne. Nonner: "Het zal in ieder geval niet minder worden. We gebruiken steeds meer elektriciteit en dat is één van de dingen die deze geluiden op kan wekken."

Tim Nonner fan GGD Fryslân

Letter freed ek it ferhaal fan de FUMO, dy't by de minsken thús komt om mjittingen te dwaan en in man út Drachten dy't al jierren in leechfrekwint lûd heart, mar der net efter komme kin wêr't it krekt wei komt.

Omrop Fryslân en de NOS wolle graach witte wêr't minsken eksakt lêst hawwe fan leechfrekwint lûd. Kinne jo it fenomeen? Help dan mei om dit probleem yn kaart te bringen. Dat kin troch hjir in enkête yn te foljen.

(advertinsje)
(advertinsje)