Auto giet yn flammen op yn Harns

27 sep 2019 - 06:34

In auto is tongersdeitenacht folslein útbaarnd oan de Vierkantsdijk yn Harns. In tsjûge hearde in hurde knal, seach de auto yn de brân stean en belle de brânwacht. Doe't dy oankaam, wie de auto al net mear te rêden.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

De brânwacht koe wol foarkomme dat it fjoer oersloech nei in neistlizzende garaazje. In buertbewenner koe syn auto krekt op tiid by de baarnende auto fuort helje.

De oarsaak fan de brân is ûnbekend, de plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
Harns autobrân
(advertinsje)
(advertinsje)