Spoarwurksumheden foar sneltrein tusken Ljouwert en Grins útsteld

26 sep 2019 - 22:29

De spoarwurksumheden foar de ekstra sneltrein fan Ljouwert nei Grins wurde útsteld. Der soe yn de hjerstfakânsje wurke wurde oan it spoar, mar dat wurk giet foar in part nei takom jier.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It giet om oanpassingen oan stasjons, oerwegen en perronnen by it Fryske part fan it trajekt del. Sa is it materiaal foar in treindeteksje by Feanwâlden net leverber. Der wurdt socht nei in nije perioade om fierder te wurkjen.

Yn Grins gean de wurksumheden wol troch. De sneltreinen ride dêrtroch yn de perioade fan 16 oant en mei 27 oktober net. Arriva set yn dy tiid wol gewoan stoptreinen yn om reizgers op harren bestimming te bringen.

De ekstra sneltrein sil ein 2020 ride.

Trefwurden: 
Ljouwert Arriva Grins sneltrein
(advertinsje)
(advertinsje)