Jonge (19) bedriget en mislediget hanthavener en wurdt oanhâlden

De plysje hat tongersdeitemiddei yn Ljouwert in 19-jierrige jonge oanhâlden. Dy hie op it Wilhelminaplein yn de stêd in tafersjochhâlder útskolden en bedrige.
Plysje logo © Omrop Fryslân
De jonge skopte op it plein tsjin strjitmeubilêr oan. Doe't de hanthavener dêr wat fan sei, begûn de jonge te skellen en drige hy de meiwurker te slaan. Dêrop waard hy oanhâlden.
Mei help fan de plysje waard de jonge oerbrocht nei it buro. Hy is ynsletten foar fierder ûndersyk.