Wethâlder Eric ter Keurs fan Smellingerlân stapt op nei krityk op amtners

26 sep 2019 - 18:44

Wethâlder Eric ter Keurs fan de gemeente Smellingerlân stapt op. Dat hat hy tongersdeitejûn op in ekstra riedsgearkomste bekend makke. Ter Keurs skeat ôfrûne wike út syn slof by de riedsfergadering, dêr't hy fûle krityk hie op it amtlik apparaat fan de gemeente.

De wethâlder hie oankundige syn ekskuzen te meitsjen, mar makke dêrneist tongersdeitejûn ûnferwachte bekend dat hy opstappe sil.

Net akseptabel

"Een dergelijke uiting hoort niet, dat is niet acceptabel", sa begûn Ter Keurs syn ferhaal yn de ried. "Ik merk echter dat mijn uitlating een groot effect heeft gehad op een organisatie die in het proces zit van herstel van vertrouwen en zelfvertrouwen. Dat heeft ons afgeleid van de inhoud. Deze gemeente heeft behoefte aan rust en nieuwe energie. Ik dien dan ook mijn ontslag in als uw wethouder."

Ald-boargemaster

Ter Keurs (VVD) wie sûnt ferline jier wethâlder yn Smellingerlân. Hy wie dêrfoar boargemaster fan de gemeenten Ljouwerteradiel en Tytsjerksteradiel.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma by de gearkomste

Foto: Gemeente Smellingerlân
(advertinsje)
(advertinsje)