Festival Welcome to the Village wint Europeeske priis

It festival Welcome to the Village hat de Europeeske festivalpriis EFFE wûn. Dat is tongersdei bekend wurden yn Brussel. De priis is hjir útrikt troch de Europeeske kommissaris fan kultuer Tibor Navracsics. Yn totaal binne der fiif festivals dy't de priis krije, selektearre út 700 ynstjoerings út hiel Europa wei.
Welcome to the Village, festival, WTTV © Omrop Fryslân
De priis is foar festivals mei in heechsteand artistyk programma. De grutte ynfloed fan in festival op lokale en regionale gearwurkings op it mêd fan kultuer spilet ek mei. De sjuery is bot te sprekken oer Welcome to the Village, fanwege de ûnbegrinze wize wêrop't it festival nei de maatskippij fan de takomst sjocht. Bygelyks mei de tema's 'soarch foar diversiteit' en 'ynklusiviteit' en de ambysje om yn 2022 as festival hielendal sirkulêr te wêzen.
Twa kear earder wûn in Nederlânsk festival dizze priis: it Noorderzon festival yn Grins en Festival Oude Muziek yn Utrecht.