Distriktsbeker: lotting foar 46 Fryske klups bekend

26 sep 2019 - 17:33

De lotting foar de 46 Fryske klups dy't noch yn de distriktsbeker sitte is bekend. It toernoai is begjin septimber úteinset mei de pûlfaze. Heal novimber giet it fierder mei de earste knock-outronde.

Foto: www.orange-pictures.nl

De KNVB lottet yn dizze faze fan it toernoai yn regio's. Dat betsjut dat Fryske ploegen hast altyd in oare Fryske ploech treffe. Itselde jildt foar ploegen út bygelyks Grinslân.

De heechst spyljende Fryske ploech yn it toernoai is Bûtenpost. Sy spylje yn de earste ronde in útwedstriid tsjin Blau-Wyt'34.

Noch tuskenronde foar Renado

Renado út Sint-Nyk spilet earst noch in tuskenronde tsjin de Grinslanner Wilper Boys. De winner fan dy wedstriid spilet yn de earste ronde thús tsjin Oeversweltsjes út Koudum.

Ferline seizoen wie Drachtster Boys de Fryske ploech dy't it fierst kaam yn de beker. Sy ferlearen yn de heale finale fan de lettere winner, Flevo Boys fan Emmeloard.

Bekertoernoai foar amateurklups

De distriktsbeker is it toernoai foar Nederlânske amateurklups. Klups út de haadklasse en leger dogge oan it toernoai mei. De twa Fryske klups yn de tredde difyzje, Harkemase Boys en ONS Snits, dus net. Sadwaande is Bûtenpost de heechst spyljende Fryske klup yn dit bekertoernoai.

Der binne seis KNVB-distrikten yn Nederlân. Alle Fryske klups sitte yn distrikt Noard.

Lotting Fryske klups yn distriktsbeker

Blau-Wyt'34 Bûtenpost
Sint-Anne Drachtster Boys
Delfstrahuzen Leovardia
Oerterp Broekster Boys
't Fean'58 Hearrenfean
Ryptsjerk DIO Easterwâlde
Dokkum Akkrum
ONT Aldeholtpea
Wykels Hallum Drachten
Heech Balk
Foarút Read Swart
Zeerobben LAC Frisia 1883
Kollum Ljouwerter Sweltsjes
SC Twizel WTOC
SDS De Rottefalle
RWF Olyphia
Hearrenfeanse Boys Snits Wyt Swart
ONS Snits 2 Makkum
ONB VC Trynwâlden
De Gordyk SC De Jouwer
Skylge Easterlittens
Surhústerfean Trinitas
Winner fan Renado - Wilper Boys Oeversweltsjes

De wedstriden wurde spile yn it wykein fan 16 en 17 novimber.

(advertinsje)
(advertinsje)