Frachtweinen meie net mear ynhelje tusken De Jouwer en Grins

Frachtweinen meie op de A7 tusken De Jouwer en Grins (en yn tsjinoerstelde rjochting) net mear ynhelje tusken seis oere moarns en sân oere jûns. De nije regel giet yn op 1 jannewaris 2020.
In frachtwein op de A7 © Google Street View
Rykswettersteat nimt de maatregel omdat it ferkear better trochstreamt as frachtauto's net mear ynhelje meie. It beslút is naam yn oerlis mei de belange- en brânsjorganisaasjes.
Fiif jier lyn is mei dy organisaasjes ôfpraat om alle fiif jier te sjen wêr't in ynhelferbod foar frachtauto's komme moat of oanpast wurde kin. Sy binne it iens mei de oanpassing dy't der no komt, ek al omdat it tal frachtauto's yn it ferkear de lêste jierren tanaam is.