Festival Harlingen Ongeschut giet wer net troch

26 sep 2019 - 16:56

It farfestival Harlingen Ongeschut, dat sneon wêze soe, giet dit jier wér net troch, lykas ferline jier. Doe stie it wetter yn de Zuider- en Noorderhaven der te heech foar en dat is no wer sa.

Tall Ships Races fanút de loft - Foto: Wout Weterings, Fleanklup Fryslân

It komt allegear troch in legedrukgebiet boppe Ingelân, dat it wetter yn de Noardsee en ek de Waadsee opstoot. En der wurdt foar sneon ek in soad reinwetter en hurde wyn ferwachte.

De organisaasje is teloarsteld, mar set no fol yn op takom jier, ûnder it motto 'trije kear is skippersrjocht'.

(advertinsje)
(advertinsje)