Reünykonsert Yetris giet tongersdei net troch

26 sep 2019 - 16:25

It reünykonsert fan de band YETRIS yn Tresoar kin tongersdeitejûn net trochgean. Dit meldt de band op syn sosjale media. "Het optreden gaat niet door, wegens ernstige familieomstandigheden."

Roel Slofstra - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De band bestiet út Roel Slofstra op gitaar en sang, Geppy Haarsma op akkordeon, Alco Hoogkarspel op fioele en Hans Kerkhoven op gitaar. Yetris makket dit jier in reünytoer, dy't begûn op 9 juny.

Guon leden fan Yetris spilen ek yn it ferneamde Irolt.

(advertinsje)
(advertinsje)