Boereprotest op 1 oktober: "Der moat earlik nei ús sektor sjoen wurde"

26 sep 2019 - 16:19

"Earlik nei de sektor sjen en echt mjitte hoe't it stiet mei de stikstofútstjit." Dat advys jout bargehâldster Anita Broeders tegearre mei har man Marcel yn Bakkefean oan de polityk. Broeders makket har net direkt soargen oer de takomst fan harren bedriuw. "It komt sa't it komt, dêr kinne we net folle oan dwaan."

Se warskôget wol dat de bargehâlderij yn Nederlân oan de strangste regels foldocht, bygelyks op miljeugebiet, sûnens en bistewolwêzen. Yn it bûtenlân wurdt dêr net sa krekt mei omsprongen. As hjir in diel fan de sektor ferdwynt, nimt it bûtenlân dat oer en gean we der allinnich mar op efterút, seit Broeders.

Duorsumens

Neffens Broeders dogge sy en har man fan alles oan duorsumens en it stikstofprobleem. De stâlen hawwe in luchtwaskynstallaasje, dy't njoggentich persint fan de ammoniak ôffierd. Ek bistewolwêzen stiet heech yn it findel. It bedriuw stiet ûnder strange kontrôle fan de NVWA, de Nederlandse Voedsel en Waren Autoriteit. By elk biggetransport is der in feedokter oanwêzich om te sjen oft der gjin kreupele of sike bisten tusken sitte. En der binne plannen foar útwreiding sadat de biggen mear romte krije. "Wy foldogge oan de heechste easken."

Broeders folget mei grutte ynteresse de plannen út de polityk om de yntinsive feehâlderij, en dan foaral de bargehâlderij en de hinnehâlderijen yn Nederlân flink yn te krimpen om sa de stikstofútstjit by natuergebieten te ferminderjen. Se snapt de soarch om natuergebieten en wol ek wol meiwurkje om it stikstofprobleem op te lossen. Mar dan moat der earst wol goed mjitten wurde hoe't it sit mei dy útstjit. Dat ûntbrekt oant no ta, seit se. It giet meastal om oannamen. En dêr giet se net mei akkoart.

Natuergebiet

It bedriuw fan de famylje Broeders leit achthûndert meter fan in natuergebiet. De kommisje Remkes dy't woansdei in advys útbrocht oan it kabinet oer it stikstofprobleem, wol foaral âldere fersmoargjende bedriuwen by natuergebieten útkeapje en slute. Anita hopet dat harren bedriuw, dat tige modern is, bûten de sanearring bliuwe kin.

Oanpak fan de stikstofútsjit yn Nederlân is nedich omdat de Ried fan Steat yn maaie de stikstofregeling fan de Nederlânske oerheid, de PAS (Programma Aanpak Stikstof) fan tafel fage as fierstente rom en net te kontrolearjen. De PAS regele fergunningen foar stikstofútstjit, bygelyks yn de lânbou mar ek foar de bou. Sûnt dy tiid lizze tûzenen bouprojekten yn Nederlân stil om't se gjin fergunning mear krije kinne. Ek yn de lânbou is ferbouwe of útwreidzje net mear mooglik.

Broeders stipet it boereprotest dat foar takom tiisdei 1 oktober op it programma stiet. Mar sy en har man gean sels net nei Den Haag. "Wy binne net sa fan de massagearkomsten." Wol hopet se dat de polityk it sinjaal fan de boeren heart en mei in goed trochtocht plan komt foar de oanpak fan it stikstofprobleem, wêrby't earlik sjoen wurdt nei de rol fan de boeren.

It bedriuw fan it pear Broeders bestiet út tûzen sûgen en leveret elke wike achthûndert biggen foar de fleisyndustry.

(advertinsje)
(advertinsje)