Emoasjes en strafeasken by tredde dei heger berop A7-blokkearders

26 sep 2019 - 15:54

Op de tredde dei fan it heger berop fan de A7-blokkearders binne deselde straffen easke as yn de rjochtsaak fan earder dit jier, op ien fertochte nei. Dy krige in hegere taakstraf as eask. De dei einige mei emoasjes, om't de tolk neffens de fertochten net goed wurk die.

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

De bekendste fertochte fan de fyftjin, Jenny Douwes, krige it oan de ein fan de sittingsdei oan de stôk mei de tolk. Douwes die it wurd yn it Frysk, mar de tolk koe har faak net rjocht folgje, ta frustraasje fan Douwes. "Ik tink Frysk, ik wol my yn myn memmetaal ferdigenje. Ik wol binnen de grinzen fan de wet in frije Fries wêze kinne," sei se oan de ein fan har taspraak.

"Mar ús frije, tolerante en iepen mienskip wurdt fan bûten ôf bedrige troch yntolerante aktivisten." Dy wurde neffens Douwes stipe troch ûnder oare it Iepenbier Ministearje. Doe't de tolk har frege om de lêste sinnen te ferheljen, stapte Douwes emosjoneel op. Nei in pear minuten kaam se werom om har ferhaal ôf te meitsjen.

Douwes wurdt fertochte fan opruiing. It Iepenbier Ministearje easket fierder taakstraffen tusken de 120 en 240 oeren. It hôf docht op 31 oktober útspraak.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Jenny Douwes nei de sitting

(advertinsje)
(advertinsje)