HEA! Kastanjetten yn Ljouwert

26 sep 2019 - 15:06

De 48-jierrige Maeike Nijdam is sljocht op Flamenko-dûnsjen en dêrom regelet se al sa'n 20 jier dat der Flamenko-lessen yn Ljouwert jûn wurde. En dat is soms in hiele put. Se is dan ek tige optein mei de nije learares dy't se dit seizoen strikke kinnen hat. Dat is Vida Peral út Amsterdam. Dizze dame fan Amerikaanske komôf is 62 jier en jout al 40 jier profesjoneel Flamenko en kastanjetten-les. Dêr kin Maeike noch in soad fan leare!

Trefwurden: 
flamenco
(advertinsje)
(advertinsje)