GrienLinks: ôfsluten 'deadeslangedyk' Fochtelerfean ûndersykje

De fraksje fan GrienLinks yn Eaststellingwerf wol dat de gemeente sa gau as mooglik wat docht tsjin it deariden fan bisten op de dyk troch it Fochtelerfean. As it oan de partij leit, wurdt ûndersocht oft de dyk tydlik of folslein ôfsletten wurde kin.
© Natuermonuminten
Oanlieding foar de moasje binne de tsientallen slangen dy't dêr al deariden binne. De gemeente hat de ferplichting om bepaalde bistesoarten te beskermjen. GrienLinks tekenet oan dat eardere maatregels net in soad effekt hân ha.
Toeristen komme neffens de partij nei Eaststellingwerf foar de bysûndere natuer. Dy moat beskerme wurde, fynt GrienLinks. De partij wol it ôfsluten fan de dyk dêrom ûndersykje litte. Dat ûndersyk moat noch dit jier dien wurde. GrienLinks wol dat dêrby wol rekken holden wurdt mei de belangen fan omwenners, lykas boeren yn de buert.

Al jierren yn petear

Ek Natuurmonumenten wol dat de dyk ticht giet. Der wurdt al jierren praat mei de gemeente Eaststellingwerf, de behearder fan de dyk, mar in passende oplossing is der lykwols noch net. Dêr komt noch by, seit boskwachter Marjan Dunning, dat it hieltyd drokker wurdt op de dyk.
Oant no ta binne dit jier al 160 slangen deariden. "We zijn in gesprek met de gemeente die is eigenaar van de weg." It leafst soe se de dyk foar autoferkear ôfslute wolle, mar dat seit se net lûdop.