Reekgerdyn by Cambuur oer ferfanging Maulun

26 sep 2019 - 13:57

Trainer Henk de Jong wol noch net fertelle hoe't er SC Cambuur freed spylje lit yn de wedstriid tsjin FC Volendam. Der is twivel oer de ferfanging fan Robin Maulun. De Frânske middenfjilder krige moandei read yn it duel mei Jong PSV en is twa wedstriden skorst.

Der binne trije farianten dy't oerwage wurde troch de coach fan de Ljouwerters. Ien mei Giovanni Korte, ien mei Stanley Akoy en in tredde dy't De Jong net priisjaan wol. Twivels dus, al is it net sa slim dat De Jong der pine yn 'e holle fan hat. "Dat ha ik net in soad. Eartiids hie ik it wolris, want ik fûn stappen wol leuk. Mar dat wie middeis wol wer oer. Hjiroer ha ik ek gjin pine yn 'e holle. Dit heart by fuotbal."

Volendam net wizer meitsje

De reden dat De Jong syn opstelling net bekend makket, is dat hy tsjinstanner FC Volendam net wizer meitsje wol. "Lit se hjir mar hinne komme om it te efterheljen. Lit se dy kilometers mar meitsje", fertelt De Jong.

Wa't noch net ynsetber binne, binne Jarchinio Antonia en Doke Schmidt. Beiden trainden tongersdei wol op it fjild. Antonia die sels alwer in part mei de groep mei. De ferwachting is dat Schmidt takom wike foar in part úteinsette kin mei de groepstraining.

In Volendammer tsjin FC Volendam

Spits Robert Mühren fan SC Cambuur moetet freed yn FC Volendam de ploech út syn wenplak. Mar it nuchtere dat ynwenners fan Volendam typearret, sit ek yn it karakter fan Mühren: "Het is niet anders dan andere wedstrijden. Het speciale is dat er meer mensen komen kijken. Voor mij is het de eerste keer in competitieverband tegen FC Volendam. Het heeft wel wat, maar niet dat ik er niet van slaap", laket de topskoarer fan de Ljouwerters. Neffens Mühren leit de krêft fan Volendam by it fuotbaljende. "We moeten kijken hoe we een hele wedstrijd lang FC Volendam onder druk kunnen zetten. Als we dat niet doen, kunnen zij goed voetballen en heel gevaarlijk worden."

Foto: Orange Pictures

De wedstriid tusken FC Volendam en SC Cambuur begjint freedtejûn om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Kras Stadion yn Volendam wei. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel.

(advertinsje)
(advertinsje)