Bysûndere munten ûnderdiel fan tentoanstelling oer Fikingen

26 sep 2019 - 13:41

Yn it Fries Museum is tongersdeitemoarn in bysûndere skat presintearre. It giet om munten út de tiid fan de Fikingen. Se binne in pear jier lyn yn Wurdum fûn troch trije amateurarcheologen. De skat bestiet út 96 munten mei in ferskaat oan datearringen.

Foto: Omrop Fryslan

Nei alle gedachten binne de munten tusken om 850 nei Kristus hinne ferlern of bedobbe yn de grûn by Wurdum. In part fan de munten is fûn yn in linnen bûdeltsje en dat is opfallend. Linnen kin meastal net lang bewarre bliuwe.

Op twadde krystdei wie it raak

De munten binne fûn troch de trije amateurarcheologen Sjoerd Bakker, Jildert de Boer en Thomas Menting. De manlju hawwe as hobby om mei de metaaldetektor op 'en paad te gean. Sa ek op twadde krystdei fjouwer jier lyn. De manlju hiene lêst fan in 'brakke kop' nei it krystgala en tochten dat it in goed idee wie om even in frisse noas te heljen.

Op in stik lân pipen ynienen de metaaldetektors en se hiene al gau troch dat it goed raak wie. "We wisten dat dizze munten seldsum binne en ast der safolle fynst dan is dat in 'once in a lifetime'-fynst foar ús", seit Thomas.

Kapers op 'e kust

Sjoerd, Jildert en Thomas ha de skat in tiid geheim hâlden, om't se bang wiene foar oare kapers op 'e kust. "Dy koene dan it plakje ynpikke, om't der in kâns is dat der folle mear munten lizze en dan soene wy gjin gehiel mear ha", seit Thomas.

De munten sille te sjen wêze by de tentoanstelling Wij Vikingen fan it Fries Museum. "Ja, we binne der grutsk op dat it hjir no leit", seit Sjoerd. Jildert fynt it moai dat mei ûnder oare de munten mear dúdlik wurdt oer wat der yn de tiid fan de Fikingen barde yn Fryslân. En ek al liket dit it heechst helbere foar de amateurarcheologen, neffens Jildert hâlde se foarearst net op: "Nee, wy gean gewoan troch mei sykjen!"

De muntskat is fan 19 oktober ôf te sjen yn de tentoanstelling Wij Vikingen yn it Fries Museum yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)