Fertochte stekpartij Grins is 67-jierrige ynwenner fan de stêd

De man dy't woansdeitejûn minsken delstuts op in terras oan de Grote Markt yn Grins, is in 67-jierrige ynwenner fan dy stêd. Dat skriuwt RTV Noord. By de stekpartij is in ynwenner fan Makkum ferwûne rekke.
© 112groningen.nl
De stekpartij ûntstie om 21.30 hinne op it terras fan kafee De Drie Gezusters. In man soe samar op in persoan op it terras ynstutsen hawwe, wêrnei't in wrakseling ûntstie. De plysje seit dat de fertochte tongersdei heard wurde sil, en ek wurde kamerabylden besjoen. It is op dit stuit noch net dúdlik wat de oanlieding wie foar de stekpartij.