Wrâldtitel yn hânberik foar racer Nyck de Vries

Nyck de Vries kin dit wykein yn Sotsji de allerearste Nederlânske wrâldkampioen wurde yn de Formule 2. De 23-jierrige Snitser hat mei noch twa racewykeinen foar de boech in stevige foarsprong op syn iennichste oerbleaune konkurrint: Nicholas Latifi.
Nyck de Vries kin wrâldkampioen wurde
It gat mei de Kanadees is oprûn ta 59 punten, yn it foardiel fan De Vries. De titel kin De Vries hast net mear ûntgean. "Natuurlijk komt er een droom uit als het gebeurt, maar kom op nou jongens, we zijn nuchtere Friezen! We zijn dichtbij, maar alles is nog mogelijk!"
"Het is onze intentie de wedstrijd te winnen. We hebben een comfortabele voorsprong en we zijn ons ervan bewust dat we het nu af kunnen maken. Maar het is pas klaar als het klaar is en dat is het nu nog zeker niet."
As it De Vries dit wykein net slagget om de wrâldtitel te pakken, dan krijt hy begjin desimber yn Abû-Daby noch in twadde kâns.
Ynterview Formule 2
Twa wiken lyn waard bekend dat Nyck de Vries takom seizoen de oerstap makket nei de Formule E, de allerearste folslein elektryske raceklasse. De Vries hat in kontrakt tekene by it fabryksteam fan Mercedes, dêr't de Belgyske âld-Formule 1-koereur Stoffel van Doorne syn teamgenoat wurdt.
As it De Vries slagget om kampioen te wurden, is hy de earste F2-kampioen dy't de oerstap makket nei de Formule E. Ferline seizoen makke de folsleine top trije fan it einklassemint fan de Formule 2 de oerstap nei de keningsklasse, mar op dit stuit hat de Formule 1 net genôch teams om alle talinten ûnder te bringen.
"De Formule E is uitgegroeid tot één van de allergrootste autocategorieën, dus ik ben heel blij dat ik van Mercedes de kans krijg om daar aan te mogen deelnemen." De Formule E giet oer 15 races yn 13 ferskate stêden ferdield oer fjouwer kontininten.
REPO Ynterview oerstap formule-E
De Vries is wiis mei syn oergong nei de Dútske stâl fan Mercedes, al liket it derop dat hy mei dizze oerstap nea útkomme sil yn de Formule 1, en dat wie as lyts jonkje altyd syn dream. "Je weet het nooit, de dingen kunnen in deze wereld snel veranderen. Ik blijf werkzaam voor het Formule 1-team van Mercedes (as testrider yn 'e simulator red.) en die betrokkenheid groeit alleen maar. Dus wie weet. Maar ik ben me er wel van bewust dat ik nu een alternatieve route kies."

"Dit is het beste voor mijn carrière"

"De Formule 1 is het hoogst haalbare in de sport en ik zou liegen als ik zeg dat dat niet mijn droom is of is geweest. Maar momenteel zit de markt in de Formule 1 heel erg op slot. Er zijn weinig verschuivingen en er komen weinig plekken vrij. Deze kans deed zich voor en persoonlijk denk ik dat op dit moment dit het beste is voor mijn carrière."
De earste wedstriid yn de Formule E is op 22 novimber yn Saûdy-Arabië.
De Formule 2-race is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân. Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant hurdfytsen en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby.
Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.