Ferplichte ôfdracht oan it Ryk ôffaller foar Wonen Noordwest Friesland

De ferplichte ferhierdersheffing soarget derfoar dat wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland de kommende jierren minder huzen enerzjysunich meitsje kin.
© Google Streetview
Wonen Noordwest Friesland moat de kommende tsien jier 26 miljoen euro oan it Ryk betelje yn it ramt fan de ferhierdersheffing. Dy is bedoeld om wenningferhierders meibetelje te litten oan it ferleegjen fan de steatsskuld. Wonen Noordwest Friesland soe mei it jild 500 huzen duorsum meitsje kinne en 120 âlde huzen ferfange kinne. Mar dat giet no net troch. De wenningkorporaasje docht in driuwend berop oan it Ryk om op te hâlden mei de ferhierdersheffing, sjoen it neidielige effekt.
"Maak er een investeringsfonds van, dat wij kunnen gebruiken om huizen te verduurzamen", seit direkteur Rein Hagenaars fan Wonen Noordwest Friesland. It Ryk makke ferline wike op Prinsjesdei bekend dat de ferhierdersheffing omleech giet foar korporaasjes dy't wat oan de wenningneed dogge. Mar neffens Hagenaars kloppet dat byld net. "Het betekent alleen maar dat de heffing minder omhoog gaat. Het is een sigaar uit eigen doos en daar zijn wij niet mee geholpen."
Harkje nei direkteur Rein Hagenaars fan Wonen Noordwest Friesland