Meiwurkers Nij Smellinghe protestearje foar bettere CAO

26 sep 2019 - 11:33

Meiwurkers fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten fiere tongersdei aksje foar in bettere CAO. Dat dogge se troch 24 oeren lang sneinstsjinsten te draaien. De operaasjekeamers en ferskate ôfdielingen, lykas Radiology, sille tongersdei sletten wêze foar net-driuwende saken.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei Sandra Di Rocco

Nij Smellinghe fiert de aksje tegearre mei de Zuyderland-sikehuzen yn Sittard en Heerlen. "We draaien vandaag een zondagdienst. Bij ons houdt dat in dat de OK, Radiologie en het Behandelhuis niet open zijn", fertelt aksjefierend ferpleechkundige Sandra Di Rocco.

"Mensen die een operatie hadden gepland, zijn afgebeld. Oncologie, Spoed en de kinderafdeling opereren wel gewoon." Der binne foar tongersdei sa'n 400 pasjinten ôfbelle. Net eltsenien waard dêr bliid fan, mar neffens Di Rocco is de aksje nedich om ek yn de takomst goede soarch jaan te kinnen. De aksjefierende wurknimmers hâlde in protestgearkomste foar it sikehûs om harren easken krêft by te setten.

Ek freegje se harren Rieden fan Bestjoer te tekenjen foar stipe en om har achter harren personiel te stellen yn it konflikt mei wurkjouwersferiening Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen (NVZ). Yn Nij Smellinghe falle sa'n 1.500 meiwurkers ûnder de CAO en yn it Zuyderland likernôch 8.200.

De fakbûnenen wolle in bettere CAO mei in salarisferheging fan 5 persint en in ekstra taslach op lean wannear't meiwurkers last-minute oproppen wurde om te wurkjen. Ek wolle de fakbûnen goede ôfspraken oer arbeids- en rêsttiden en oer de ynstream en it behâld fan meiwurkers.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Yn har deistich wurk op de Spoedeisende Hulp merkt Di Rocco dat de wurkdruk heech is. "Er is veel ziekte, waardoor er veel geschoven moet worden. Wij willen gewoon meer waardering ons werk. Dat geldt voor iedereen die ervoor zorgt dat Nij Smellinghe kan draaien. Er moet dus iets veranderen!" Neffens Di Rocco binne de reaksjes fan pasjinten oant no ta posityf. "We hebben ook handtekeningen van patiënten verzameld."

Einbod moat fan tafel

De fakbûnen fine it ûnbegryplik dat de NVZ net mei betere foarstellen komt en net ynvestearret yn it personiel. "De afgezegde patiënten hebben er vandaag één dag last van, maar als er niks verandert, hebben ze er straks jaren last van", leit Harma Schrage fan fakbûn FNV út. "Het is ontzettend moeilijk om nog mensen te vinden die in de zorg willen werken. Met een goede CAO en goede afspraken kunnen we dat veranderen."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Earder dizze wike sleaten aksjefierende meiwurkers fan it Ommelander-sikehûs yn Grins al de doarren foar net-driuwende saken. Foar de simmer barde dit ek al yn trije sikehûzen yn Alkmaar, Assen en Eindhoven. De aksjes sille trochgean salang't de NVZ it CAO-oanbod fan no net fan tafel hellet.

Harma Schrage fan it FNV oan it wurd

(advertinsje)
(advertinsje)