Ljouwerter (29) slacht hoarekaûndernimmer mei foarwerp tsjin 'e holle

26 sep 2019 - 10:39

By in hoarekagelegenheid oan de Druifstreek yn Ljouwert hat in 29-jierrige man de hoarekaûndernimmer tsjin de holle slein mei in foarwerp.

Plysjelogo - Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter wie neffens de plysje ferfelend en dronken. Hy waard de hoarekagelegenheid útset, mar ek op it terras wie er noch ferfelend. Dêr hat er de hoarekaûndernimmer in klap jûn mei in foarwerp. De plysje meldt net om hokker foarwerp it giet.

In omstanner hat de fertochte fêstpakt en ûnder kontrôle hâlden oant de plysje der wie. De fertochte sit fêst.

(advertinsje)
(advertinsje)