UPDATE: Mem en pjut (2) wer by elkoar brocht
De plysje trof tongersdeitemoarn in 2-jierrich berntsje oan yn de Jan van Scorelstrjitte yn Ljouwert. Der waard yn de buert socht nei de âlden. Yntusken is de mem fan it berntsje fûn en binne de twa wer by elkoar brocht.