LTO Noord: soad ûndúdlikheden yn rapport Remkes

26 sep 2019 - 08:44

It Advieskollege Stikstofproblematiek, better bekend ûnder de namme kommisje-Remkes hat woansdei de oanbefellings bekend makke oer hoe't we op koarte termyn omgean moatte mei de stikstofproblematyk. Yn it advys gie it foaral oer boeren mei fersmoargjende feehâlderijen en mei ferâldere stâlen dy't yn de buert fan de kwetsbere natuergebieten stean. Se soene neffens de Kommisje útkocht of sanearre wurde moatte. Wat fine de boeren dêr sels fan?

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It giet om 'waarme sanearring' dus, mei in finansjele temjittekomming as kompensaasje foar de skea. "It kaam ús eins wol wat kâld op it dak", seit Trienke Elshof fan boere-organisaasje LTO Noord. "Doe't de advyskommisje dwaande wie mei it opstellen fan it advys, hawwe wy as LTO Noord ek wol ynbring hân en doe hawwe wy sein datst op de lange termyn sjen moatst nei in 'gebietsrjochte' oanpak."

"Op de koarte termyn moatst sjen hoe'tst de ympasse trochbrekke kinst troch in oplossing te sykjen foar de boeren dy't harren fergunning kwytrekke binne." Elshof hat noch har twivels by de waarme sanearring. "Der wurdt wol sein dat it in frijwillige regeling is, mar dan binne wy hiel benijd hoe't dit fierder oanpakt wurdt."

Soad ûndúdlikheden

Hoefolle boeren der yn en om kwetsbere natuergebieten wurkje en wenje of ferâldere stâlen hawwe, kin Elshof net krekt sizze. "It trochfieren fan dizze maatregel freget nochal wat fan boeren. It lytse oantal techniken om emisje-earm te wurden, is hiel djoer. Wa sil dat betelje? Der steane noch safolle ûndúdlikheden yn it rapport en dêr meitsje wy ús as organisaasje bot soargen oer."

Finansjeel helber

"De sektor hat al in hiel soad dien de ôfrûne jierren. De ammoniakemisje is mei 65 persint redusearre. Under it PAS-rezjym hiene wy ek ôfspraken makke oer mear reduksje. Dêr wolle wy ús wol oan hâlde, mar dit liket fierder te gean. Wy freegje ús ôf oft der wol genôch mooglikheden binne om dat op in wize te dwaan dy't foar de boer finansjeel helber is."

Trienke Elshof fan LTO Noord

Hoe't alle maatregels yn de praktyk ta útfier brocht wurde sille, is noch totaal ûndúdlik. "Al mei al binne wy wol teloarsteld yn wat der no leit. Wêr't wy wol bliid mei binne, is dat de Kommisje net kiest foar de reduksje fan de feesteapel, lykas oare partijen ôfrûne tiid foarstelden. En dat se it wol op gebietsnivo oanpakke wolle. Wy meitsje ús lykwols wol soargen. Hoe fluch kinst in opkeapregeling opsette, mei respekt foar de boer?"

(advertinsje)
(advertinsje)