Grutte belangstelling foar kavels yn Driezum: ynformaasjejûn drok besocht

26 sep 2019 - 06:59

Mear as sechtich minsken sammelen harren woansdeitejûn yn de boppeseal fan kafee 'Us Thús' yn Driezum, om ideeën oan te hearen foar nijbou yn it doarp. Ynstek fan de jûn is om te peilen hoefolle belangstelling der is foar nije huzen yn Driezum. Konkrete plannen sil de jûn net gelyk opsmite: der moat foaral op papier komme hoefolle minsken echt belangstelling ha yn in nije kavel. Dat sil dan foarlein wurde oan de gemeente Dantumadiel, om te sjen wat der mooglik is.

"Wy hawwe in ynwennertal dat stadichoan sakket. Wy wolle graach foarsjenningen yn stân hâlde. Wy dogge as doarpsûntwikkelingsmaatskippij ús best om de besteande wenningen, foarsjenningen, it doarp sels, op te kreazjen. Mar wy ûnderkenne dat in stikje nijbou dêr net by misse kin, omdat we oars achterút sokkebalje", fertelt Ulke van der Bij. Hy hat de jûn tegearre mei Jouke Dantuma organisearre. De twa sitte yn de doarpsûntwikkelingsmaatskippij Driezum/Wâlterswâld (DOM).

Belangstellingsregistraasje

It betsjut net dat alle minsken dy't op de ynformaasjejûn oanwêzich wiene in kavel krije kinne. "Dat ha wy ek útlein oan de minsken. We ha no de belangstellingsregistraasje. Dat freegje wy en dat freget de gemeente. No begjint it spul mei de gemeente: yn hoefier krije wy de gemeente oer de streep om mei te wurkjen oan in behoarlik, substansjeel wenningbouplan foar Driezum", fertelt Van der Bij.

"De keunst is: hoe krije we de gemeente safier om hjir bygelyks tritich wenningen del te setten. Mar dat spul sil de kommende tiid spile wurde en dêr ha we de minsken dy't belangstelling toane hurd by nedich."

Grutte belangstelling foar kavels yn Driezum

Net alle besikers binne like bot ynteressearre, guon binne ek allinnich nijsgjirrich. "Ynteresse, dat is miskien wat oerdreaun. Ik wol ris sjen watfoar plannen hjir ûntwikkele wurde en wa wit dat ik dan yn de takomst myn eigen wenning ferkeapje en dat ik sis: ik wol hjir wol in nije bouwe", seit ien fan de besikers fan de ynformaasjejûn.

It stribjen is om yn 2020 of 2021 al te begjinnen mei nijbou, al is dat wol it meast optimistyske senario. Van der Bij: "Eltsenien wit dat it by in gemeente net samar regele is. We gean foar 2020 of 2021, mar we moatte net frjemd opsjen as it noch in oantal jier langer duorret."

(advertinsje)
(advertinsje)