Makkumer rekket ferwûne by stekpartij yn Grins

26 sep 2019 - 06:34

By in stekpartij yn it sintrum fan Grins is woansdeitejûn in persoan út Makkum ferwûne rekke. De Makkumer is ien fan de trije slachtoffers fan it ynsidint op in terras oan de Grote Markt.

Foto: 112groningen.nl

De stekpartij ûntstie om 21.30 hinne op it terras fan kafee De Drie Gezusters. In man soe samar op in persoan op it terras ynstutsen hawwe, wêrnei't in wrakseling ûntstie.

De plysje hat ien fertochte oanhâlden. Dêrby soe ek in mes yn beslach naam wêze.

Wat de oanlieding wie fan de stekpartij, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)