Emosjonele IepenUP Live: "Ljouwert lit keunstners opdraaie foar renovaasje"

25 sep 2019 - 22:49

It komt op 'e kop ferkeard mei it brûsplak oan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert. Al 13 keunstners dy't hjir in eigen wurkplak hawwe, wolle it ateliersintrum ferlitte om't sy de hier net mear opbringe kinne. De gemeente Ljouwert hat koartlyn 1,5 miljoen euro útlutsen foar renovaasje en efterstallich ûnderhâld fan it eardere skoalgebou.

It pân oan de Cornelis Trooststrjitte - Foto: Omrop Fryslân

Neffens keunstner Bonny Dijkstra lit de gemeente no lykwols de hierders foar dy ynvestearring opdraaie. Sa waard syn hier fan 350 euro ferhege nei 1.200 euro yn de moanne. "Ik ben bang dat Broedplaats Cornelis Troost binnenkort heel leeg gaat worden," sa warskôge Dijkstra woansdei yn it diskusjeprogramma IepenUP Live oer it doel en de takomst fan Brûsplakken yn Fryslân.

Der wie ûnferwachts in soad emoasje op de jûn fan IepenUP Live. Nei in ynlieding fan professor Boukje Cnossen dy't spesjalisearre is yn Kultureel Undernimmerskip, kamen de saakkundigen út it wurkfjild sels oan it wurd. Neffens Koen Haringa, ûnder oare bekend fan Asteriks en Stadsoase, is der yn Ljouwert grut ferlet fan in nij brûsplak dêr't keunstners en kreative ûndernimmers de romte krije om harren ideeën te realisearjen en te eksposearjen.

As ideale lokaasje wurdt dêrby tocht oan it spoardokgebiet efter it eardere postsortearsintrum fan PostNL. Oarspronklike plannen om krekt dat gebou te brûken foar dit nije brûsplak kinne net trochgean no't in Ingelske projektûntwikkelder dit gebou yntusken opkocht hat.

Keunstbûlevaar?

Inisjatyfnimmers Koen Haringa en Baukje de Vries út namme fan it LOF (Leeuwarder Ondernemers Fonds) wolle no it nije brûsplak ûnderbringe yn konteners op it braaklân fan de eardere fleisferwurker Brada. Fierders moat om dit brûsplak hinne in stedspark oanlein wurde, dêr't net allinne kuiere wurde kin, mar dêr't ek de kulturele projekten en eksperiminten oan it publyk toand wurde kinne. Dêrmei krijt Ljouwert dan in eigen keunstbûlevaar.

Alle dielnimmers oan de diskusje fan it publyk en it panel fûnen dat der meer brûsplakken komme moatte, wol net it gefaar ûntstean dat talintfolle kultuermakkers de provinsje ferlitte om't se gjin geskikte wurkromte fine kinne.

Patrick Schaafstal fan Brûsplak Dokkum makke dêrby wol de opmerking dat ek de brûsplakken sels mear gearwurkje moatte. Dêrtroch kinne besteande inisjativen grutter wurde en binne dêrtroch minder nije brûsplakken nedich.

Húsdieren by IepenUP Live

Nije wike hat IepenUP oandacht foar de leafde foar it húsdier, foar poezen en puppys. Wêrom 'smelte' we allegear by de bylden fan dy lytse jonge bistjes? Wat makket de bân tusken de minske en syn of har húsdier sa bysûnder?

IepenUP Live jout eltsenien de kâns om te fertellen wêrom krekt har of syn bist it leafste bist fan de wrâld is. Dat kin fansels ek mei in gedicht of in liet. Meld dy dan oan by omropfryslan.nl/iepenUP, eefkes klikke op de button en der ferskynt in opjefteformulier dêrsto dyn namme, telefoannûmer en fansels dyn leavelngsbist ynfolje moast.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd fanút Neushoorn yn Ljouwert. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)