Oerfal yn Lippenhuzen: bewenster slein en dieders mei goud útnaaid

Oan it Rjochtskeamerpaed yn Lippenhuzen hat woansdeitejûn in oerfal west, wêrby't ien fan de bewenners slein is. Twa persoanen soene by de wenning kaam wêze en hawwe by de doar mei de bewenster sprutsen. Sy hat klappen krigen fan de oerfallers en dy binne dêrnei mei in koffer útnaaid. Dêr soe foar tûzenen euro's oan goudwearde ynsitte.
© De Vries Media
De oerfallers binne fuortdraafd en mei in swarte auto op 'e flecht slein.
De plysje is mei meardere auto's nei Lippenhuzen kaam om ûndersyk te dwaan yn de wente en yn de strjitte.