Kokedei yn Warkum foar de 119e kear ek wer mei Konkoers Hippyk

25 sep 2019 - 21:26

Woansdei wie it wer Kokedei yn de stêd Warkum. Der is net allinne feekeuring op de fjirde woansdei fan septimber, mar ek Konkoers Hippyk. It einklassemint foar de Provinsje Fryslân-priis waard wûn troch Sybren Minkema fan Fryske Peallen. Foar Minkema en âld-foarsitter Henk Dijkstra wie it in bysûndere dei.

Foto: ANP

"Wy hawwe foar de 119e kear it strjitkonkoers yn Warkum, dat is op himsels al tige unyk. Ik tink net dat der noch in konkoers yn Nederlân is dy't sa âld is. En ek noch in strjitkonkoers. Dat komt om't wy moarns op de merk de kij hawwe, mar yn 1900 tocht men al: wy moatte dêr wat by hawwe. Yn de omjouwing fan De Wimerts is net in gersfjild beskikber, dus sy tochten: dan mar op strjitte. Sa is it ûntstien," leit Dijkstra út.

Dijkstra: "Der binne twa dissiplinen: de Bovenlanders, de 'brunen' foar de dúdlikens, en de Fryske hynders. De top fan beide dissiplinen komt elts jier nei dizze lêste bûtenwedstriid fan it seizoen." De Konkoers mei Kokedei is populêr. "Wy hawwe gemiddeld tusken de 5.000 en 6.000 taskôgers op it hichtepunt fan de middei. Dat is dochs in yndikaasje dat it evenemint oansprekt."

Famylje

Dijkstra is bot belutsen by de dei en de konkoers. "Ik haw sels altyd aktyf oan dizze dei meidien. Myn heit die altyd al mei oan de tugen en ik haw sels ek in tal jierren meidien oant ik yn 1989 frege waard doar de organisaasje. Doe bin ik nei 27 jier opholden, en no debutearret myn soan as omropper. Dat makket it foar my wol rûn, ik bin der tige grutsk op."

Hichtepunten?

Neffens Dijkstra binne der twa hichtepunten: "Der is al in tal jierren de finale foar de Fryske hynders út de limytklasse om de Provinsje Fryslân-priis. Dy hawwe al yn Dokkum, Riis, Bûtenpost, Garyp en Droegeham al in wedstriid hân en hjir yn Warkum is dan de finale. Sybren Minkema mei de hynst Nane de finalewedstriid wûn en it komplete einklassemint. Dat is in prestaasje fan formaat, dan telst wol mei yn dizze sport. Dêrnjonken hat Warkum noch altyd in earepriis fan it gemeentebestjoer en dat is in sulveren swipe en dy is by de Bovenlanders wûn troch Leendert Veerman út Wittelte."

Henk Dijkstra oer de hichtepunten fan de Konkoers Hippyk op Kokedei

Sybren Minkema is tige grutsk op syn hynst, Nane 492. "It is in inisjatyf fan alle ferieningen dy't de konkoers organisearje. Jo dogge in kompetysje en de winner krijt de Provinsje Fryslân-priis, en dat is in hiele eare. Yn Dokkum dêr koe ik fanwegen in blessuere net ride. Dus moast it de oare wedstriden goed ride, ik koe net in minne dei hawwe. Ik bin twa kear twadde wurden en ik haw twa kear wûn en yn de finale yn Warkum dy't dûbeld telt haw ik ek wûn," seit Minkema.

Mei 2-1 foar

Ferline jier hat Nane 492 meiriden yn de nijelingeklasse en no koe hy meidwaan yn dizze kompetysje. "Myn frou wûn ferline jier, dus ik woe nochris winne. No stean ik mei 2-1 foar," laket Minkema. Hy wûn dus earder ek alris.

Neffens de winner is it riden op de strjitte net hiel oars. "Foar ús feroaret der net folle, útsein datst op in rjocht stik bist en net in rûntsje dochst. Mar foar de sjuery sjocht it der wol oars út om't it sa nau is. In hynder presintearret him noch wolris oars."

Winners Sybren Minkema en Nane 492

(advertinsje)
(advertinsje)