Kramer hopet op rezjy stikstofkrisis en wol regeling foar boeren dy't ophâlde

25 sep 2019 - 20:16

Deputearre Johannes Kramer hopet dat de provinsje de leie yn hannen krije sil as it giet om de oanpak fan de stikstofkrisis. Dat is alteast wat hy opmakket út de wurden fan Johan Remkes, dy't woansdei mei advizen foar it kabinet kaam.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Kramer wol de stikstofromte dy't noch wol frijkomt, foar Fryslân behâlde. Mar hy sjocht ek dat guon boeren ophâlde moatte sille: "Mei de provinsje yn de rezjyrol kin der sjoen wurde nei boeren dy't sels al ophâlde wolle of in hiel âld stâlsysteem hawwe en dy't ticht by stikstofgefoelige gebieten sitte, lykas de Alde Feanen of it Fochtelerfean."

Der sil dus in opkeapregeling komme moatte. "En dy is der al foar in part," jout Johannes Kramer oan. "Der is al 100 miljoen euro ta jins foldwaan steld. Dat is noch net effektyf, mar it sil der grif ûnderdiel fan wêze. Ik wit net wat it kabinet mei de advizen dwaan sil, want in gemiddeld boerebedriuw is tink ik al gau 1,5 miljoen as jo alles meitelle. Dan kinst foar 100 miljoen noch net in soad dwaan," seit deputearre Kramer.

Kramer wol rezjy

Kramer soe it dus moai fine as de provinsje de rezjy krijt. "Dat soe betsjutte kinne dat net alle stikstofromte hjir wei helle wurdt, mar dat wy de romte dy't frijkomt ek brûke kinne om ta te kennen oan boeren dy't ferduorsumje wolle en it net ferdwynt nei bargegboeren yn Noard-Brabân," fynt hy.

Hy leit him del by it minder hurd riden op de diken. "Dat is in maatregel dy't te oerwagen is en dy't fertuten dwaan kin. Minder hurd ride helpt derby."

Om tafel

De natuer moat bliuwe sa't it is. "De natuer kinne en moatte wy net oanpakke wolle," jout Kramer oan. De Natura2000-gebieten bliuwe dus gewoan, ek wat him oanbelanget. Mar hoe't it wol krekt komt? "Ik kin der net op foarút rinne." Neffens Kramer is der tongersdei in gearkomste fan de oerlisgroep fan provinsjale bestjoerders en sille sy takom wike mei de minister om tafel.

Deputearre Johannes Kramer reagearret op de advizen fan Remkes

(advertinsje)
(advertinsje)