FIDEO: IepenUP Live: Brûsplakken! Wêrom eins?

25 sep 2019 - 19:45

Eltsenien wol se, mar net in soad krije se: brûsplakken. Mar wêrom wolle keunstners en kultuermakkers se? Wat hawwe wy der eins oan? Wat kinne wy dermei? Te gast is Boukje Cnossen, sy is professor of Cultural Entrepreneurship (Leuphana University of Lüneburg). Derneist is der in diskusjepanel mei Koen Haringa (Podium Asteriks), Abel de Grefte (Zalen Schaaf), Bonny Dijkstra (Cornelis Trooststraat) en Jannie Atsma (gemeenteriedslid CDA).

Eltsenien kin oanwaaie en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)
(advertinsje)