45-km-wein bedarret yn de sleat neist Wâldwei by De Rottefalle

25 sep 2019 - 19:36

In auto bedarre woansdeitejûn yn in groppe neist de Wâldwei by De Rottefalle. It wie lykwols net in gewoane auto, mar in brommobyl. De bestjoerder fan it 45-km-weintsje is troch ûnbekende oarsaak neist in maisfjild terjochte kaam, net fier fan de ôfrit by de N31.

Foto: Srfotografie

De frou dy't de brommobyl bestjoerde en in ynsitter rekken net ferwûne. De plysje hat in part fan de ôfrit tydlik ôfsletten.

Trefwurden: 
Wâldwei rottefalle brommobyl
(advertinsje)
(advertinsje)