Ljouwert besuniget: minder jild foar eveneminten en nije beammen

25 sep 2019 - 19:18

De gemeente Ljouwert hat foar 2020 te meitsjen mei hurde besunigingen. Dat docht bliken út de begrutting foar takom jier, in flink pakket papier fan 200 siden mei útlis oer hoe't it de kommende tiid moat. It kolleezje hat foar twa miljoen euro konkrete besunigingsfoarstellen dien. Yn de kommende tiid moat der noch socht wurde nei in oplossing foar it tekoart fan acht miljoen euro. Dêrmei liket de finansjele posysje fan Ljouwert striemin.

Foto: Gemeente Ljouwert

De oarsaak fan de finansjele need is neffens it kolleezje de ferskowing fan taken fan it Ryk en de provinsje nei de gemeente. De gemeente hat net genôch budzjet om al dy taken goed te dwaan. It giet dan benammen om de jongereinsoarch, partisipaasje en de WMO (Wet Maatschappelijke Ondersteuning).

De ôfrûne jierren hat de gemeente 32 miljoen ekstra útjûn oan dy ekstra taken. It Ryk hat Ljouwert yn 2018 foar ien kear 20,9 miljoen euro kompensearre. Mar de kommende jierren moat de gemeente it sels oplosse en dat kin allinnch mei hurde besunigingen neffens it kolleezje.

B. en w. wolle de gemeentlike belestingen foarearst net ferheegje. De parkeartariven geane takommend jier wol wat omheech. It giet net om in ekstra ferheging, mar om in periodike oanpassing oan de ynflaasje. Feitsma rekkenet op in strukturele mearopbringst fan sa'n 5 ton. Dy giet nei de algemiene middels, sadat de gemeente minder hoecht te besunigjen.

Minder nei eveneminten en gjin nije beammen

De ekstra útjeften yn de soarch soargje derfoar dat der op oare posten koarte wurde moat. Sa is der ûnder oare minder jild foar evenminten yn de stêd en doarpen, wurdt it budzjet foar it oanplantsjen fan nije beammen ynlutsen en komt der in sportfjild minder yn de Súdlannen. Gemeentlike ambysjes foar grutte projekten, lykas it ûngelykfliers meitsjen fan de spoarwei-oergong by de Skrâns, wurde foarearst op de lange baan skood.

Dizze en oare maatregels smite in besuniging op fan 1,6 miljoen euro. Mei dizze yngrepen is it strukturele tekoart dus noch lang net opheind mar dat sil de kommende jierren oplost wurde moatte. Fierdere besluten wurde yn de maaitiid fan takommend jier nommen.

Foar de oanpak fan dizze spoarwei-oergong yn Ljouwert is foarearst gjin jild - Foto: Omrop Fryslân

Brânbrief nei Den Haag

Gemeenten hawwe sûnt de oergong fan benammen jongereinsoarch hast gjin finansjele romte mear. Dy oergong gie te fluch en der kaam ek nochris in flinke besuniging by. Earder sei finansjeel wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert yn it Polytburo fan Omrop Fryslân al dat de situaasje 'behoarlik earnstich' wurden is yn de ôfrûne jierren.

Yn in brânbrief hawwe 40 grutte gemeenten - wêrûnder Ljouwert - it kabinet frege om ekstra jild, mar premier Rutte wol dêr foarearst neat fan witte. As der struktureel gjin jild fan it Ryk komt foar gemeenten, sil der koarte wurde moatte op saken as swimbaden, biblioteken en it ûnderhâld fan diken.

Wethâlder Sjoerd Feitsma oer de begrutting fan 2020

(advertinsje)
(advertinsje)