Harkemase Boys spekt de kas mei wedstriid tsjin FC Grins

25 sep 2019 - 18:21

In wrâldgoal fan Dennis van Duinen, 10.000 euro yn de kas en in wedstriid tsjin FC Grins. De oerwinning fan tiisdei yn Scheveningen bringt Harkemase Boys mear as allinnich mar in ronde fierder.

Neffens vice-foarsitter Sippe Heeringa fan Harkemase Boys smyt de oerwinning sawiesa 10.000 euro op. Dat is in fergoeding fan it KNVB. Yn de foarronden krige de klup ek al twa kear 3.000 euro. "Mar dêr komt de kaartferkeap ek noch by. We witte fansels net hoefolle minsken der op ôfkomme, mar ik tink tusken de 2.500 en 4.000. Dat soe moai wêze." Tsjin Feyenoord wiene der yn 2009 hast 6.000 taskôgers.

Foar Jesse Renken wurdt it duel tsjin FC Grins hielendal in spesjaal duel. Hy is fysioterapeut by FC Grins. "Morgen om half acht sta ik weer bij mijn werkgever op de stoep. Maar ik zit straks wel met een glimlach op de fiets."

Renken treft ein oktober spilers dy't sy wolris behannele hat. "Er zijn jongens die ik inderdaad wel eens op de tafel heb gehad. Ze riepen ook al de hele week dat we even winnen moesten. Zodat ze niet helemaal naar Scheveningen hoefden te rijden."

Dennis van Duinen waard man fan de wedstriid mei syn goal. In volley fan de râne fan it sechtjinmetergebiet fleach de krusing yn. Boppedat wie it de iennige goal. Van Duinen makket de lêste tiid faker moaie goals. "Ze gaan er momenteel lekker in ja."

Blunder

Dochs stiet Van Duinen by it grutte publyk bekend om syn blunder yn 2017 tsjin Capelle. "Ik had het er niet meer over, maar misschien helpt dit nog een beetje."

Trainer Hans de Jong hat hiel wat klups fersliten yn Noard-Nederlân, mar hy hat noch nea yn Grins wurke. "Mar je merke oan alles dat dit libbet by de klups. In soad spilers hawwe in ferline by FC Grins. Mar it is fansels ek machtich om te spyljen tsjin in betelle fuotbalklup."

De lêste kear wie yn 2013, doe't Harkemase Boys mei 8-0 ferlear fan NEC. Bysûnder wie ek de wedstriid tsjin Feyenoord yn 2009, mei de goal fan eigen helte fan Ron Vlaar (0-5). Yn 2011 wûnen se ferrassend nei ferlinging mei 4-2 fan WillemII. Dêrnei troffen se yn it Abe Lenstra Stadion sportklup Hearrenfean.

Dy wedstriid giene 8.000 Harkiten mei nei Hearrenfean, mar Hearrenfean wûn wol mei 6-1.

It is noch net wis wennear't de wedstriid spile wurdt. Gewoanwei is dat woansdei 30 oktober, mar FOX Sports kin beslisse om de wedstriid live út te stjoeren. Tiisdei 29 of tongersdei 31 oktober binne dan ek noch opsjes. As de wedstriid live útstjoerd wurdt, sil de tiid 18.45 oere of 20.45 oere wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)