Advys stikstofkrisis: boeren útkeapje en sanearje, rydsnelheid omleech

25 sep 2019 - 18:17

De kommisje fan âld-minister Johan Remkes hat woansdei oplossingen foar de koarte termyn presintearre foar de stikstofkrisis. Wichtichste needmaatregels: de oerheid moat doelbewust boerebedriuwen útkeapje of sanearje en de maksimumsnelheid op rykswegen en provinsjale diken moat omleech. Remkes wie lykwols noch net hiel spesifyk yn de advizen. Hy sei bygelyks neat oer it persintaazje wêrmei't de feesteapel krimpe moat, hy hie it inkeld oer 'ferâldere boerebedriuwen.' Ek hat hy gjin spesifike diken neamd.

Remkes begûn mei de grutte ekonomyske ambysjes fan Nederlân. "Maar," sa sei hy, "al dit goeds heeft ook een keerzijde, een schaduwzijde. Dat is dat de natuur in het gedrang komt. In ons welvarende landje loop je eerder tegen grenzen aan." Neffens Remkes is it dreech om natuer en foarútgong hân en hân op te litte rinnen.

It is yn striid mei de wet hoe't der by saneamde Natura2000-gebieten omgien wurdt mei it stikstofbelied. Dat binne kwetsbere natuergebieten, eksperts warskôgen dêr al jierren foar. It Programma Aanpak Stikstof wie neffens Remkes al in 'plan B', mar de Ried fan Steat hat dêr no echt in streek troch lutsen. "De tijd van juridische trucs en listen is nu voorbij."

Minder natuergebieten is neffens Remkes net in opsje. Dat is net helber en soe boppedat net bydrage oan in oplossing foar de lange termyn. "Dat zou ook de geloofwaardigheid van de overheid op het spel zetten."

Johan Remkes - Foto: ANP

Ferâldere boerebedriuwen

Fersmoargjende feehâlderijen mei ferâldere stâlen dy't yn de buert fan de kwetsbere natuergebieten stean, soene útkocht of sanearre wurde moatte. It giet om 'waarme sanearring' dus, mei in finansjele temjittekomming as kompensaasje foar de skea.

Rydsnelheid omleech

Fierder moat de rydsnelheid omleech op rykswegen en provinsjale diken. "De snelheid omlaag scheelt weinig in reistijd, maar het levert een stevige bijdrage aan het verminderen van de stikstof-uitstoot," seit Remkes.

Yndustry en bou

Dêrnjonken moat der ek sjoen wurde nei de yndustry yn de buert fan Natura2000-gebieten. "De sectoren die een bovenmatig aandeel hebben in de stikstof, moeten kijken hoe dit omlaag kan." Ek yn de bou is neffens Remkes winst te beheljen. "Bijvoorbeeld door energieneutraal, circulair en natuurinclusief te bouwen."

Oerheden helpe

De oerheid hat dêr wer ynfloed op fia fergunningen en oanbestegingen. Alle oerheden moatte meihelpe, bygelyks fia rapportaazje, romtlik belied en terreinbehear. Ek moat de natuer sa gau as mooglik wer yn goede steat brocht wurde.

Oer in heal jier komt de kommisje Remkes mei noch in advys, mei oplossingen foar de langere termyn.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer de stikstofmaatregels

Hoe sit it ek alwer mei de stikstofkrisis?

De Ried fan Steat hat foar de simmer oardiele dat Nederlân him net oan de Europeeske stikstofregels hâld. Binne der aktiviteiten dêrt stikstof by frijkomt yn de buert fan kwetsbere natuergebieten (Natura2000), dan moat de útstjit kompensearre wurde. Der is lykwols yn de rin fan de jierren in systeem ûntstien wêrmei't stikstof op kredyt útstjitten wurde mocht. It soe wol goed komme mei de stikstof, sa rekkene men, om't auto's bygelyks skjinner wurde soene yn de takomst.

Mar, de útstjit naam just ta. No lizze der in soad projekten stil om't Nederlân in lyts lân is en der dêrom faak in soad stâlen, wenwiken, yndustry en diken yn de buert fan natuergebieten lizze.

(advertinsje)
(advertinsje)